Seisde generaasje
Bern fan Hendrik Jans Jonkman


2.1 YPKJE HENDRIKS

10-5-1812 Aldskoat - 14-8-1878 It Hearrenfean
x Jacob Gerrits Jonker, tsjildraaier, Skoatterlân 4-6-1835
23-3-1806 Havelte - 18-5-1882 It Hearrenfean
sf. Gerrit Hendriks Jonker en Roelofje Jacobs Hoorn

Út dit houlik: 1. Detje (1835-1836) 2. Hendrik (1837-1860) stoarn as militêr yn Zutphen 3. Dettje (1840-1904) x Johannes Rienstra 4. Hiltje (1847-1901) x Yde Steensma, arbeider op It Hearrenfean 5. Jan (1851-1930) x Klaaske de Vries, polderwurker, op it ein fan syn libben yn Feanhuzen

2.2 JAN HENDRIKS, boer te Nijskoat

12-2-1815 Aldskoat - 16-12-1876 Nijskoat
x Janke Jacobs Bralts, Skoatterlân 23-4-1843
20-3-1818 Aldskoat - 26-1-1885 Nijskoat
df. Jacob Roelofs Bralts en Hendrikje Hendriks Kerkstra

1. Hendrik 16-2-1844 Nijskoat
2. Hendrikje 14-11-1846 Nijskoat
3. Romke 18-5-1850 Nijskoat
4. Jacob 26-9-1853 Nijskoat - 11-1-1857 Nijskoat
5. Dettje 15-5-1857 Nijskoat

Jan Hendriks sr. hat blykber goed buorke, hy lient regelmjittich jild út oan oaren: yn 1871 fl.5000 oan Jan Egberts Smilde (ôflost yn 1889) en yn 1875 mei broer Reitze fl.9500 oan Sipke Sybrens Woudstra (ôflost yn 1890). Ek lient hy yn 1853 fl.700 út oan Jan Hendriks jr.
Yn 1879 wurdt der by notaris Boschloo op it Hearrenfean ynventaris opmakke. De widdo hat doe tinklik de pleats ferlitten. Der binne dan noch seis kij en in skiep, goed foar fl. 1218. Janke draacht in gouden earizer mei smelle beugel, rûsd op fl. 104. Alle husrie komt op sa'n 600 gûne. Ek is der noch fl. 91 oan hea. Yn 1880 wurdt fee ferkocht, fiif kij, in hokkeling en fjouwer skiep, de opbringst is fl. 884.
Nei de dea fan Janke wurdt der nochris boelguod houden, de opbringst is sa'n 200 gûne. It bêd is noch it djoerste, fl. 30, mar it measte giet foar in pear dûbbeltsjes fuort.

2.3 FEDDE HENDRIKS, arbeider te Aldskoat

25-9-1817 Aldskoat - 19-9-1851 Aldskoat
x Janke Wiebes de Boer, Skoatterlân 23-4-1843
7-4-1820 Langsweagen - 3-3-1899 Aldskoat
df. Wiebe Klazes de Boer en Rinskje Jans Stoker

1. Hendrik 28-3-1844 Aldskoat
2. Reinskje 8-11-1846 Oranjewâld
3. Dedtje 11-8-1849 Oranjewâld

Yn 1899 wurde de besittingen fan de widdo Janke Wiebes de Boer (hja komt as wurkfrou troch de tiid) troch de bern ferkocht. It replik guod bringt fl.114 op, in protte wurdt troch de bern kocht. Dedtje betellet fl. 21 foar in wyt skiep mei laam. It ûnreplik guod bringt fl. 1131 op.
Muoike Geertje van der Haag, widdo fan Jan jr., keapet it wenhûs yn Aldkoat. Dat omfettet "een voorkamer met twee bedsteden en kast, achterkamer met twee bedsteden en kast, twee kelders en voorts een put achter huis". Ek is der noch "een groot hok ingericht voor stalling". It wie de wente dy't eastlik neist it eartiids befaamde restaurant Tropenfauna stie (no Koningshof).

2.4 HILTJE HENDRIKS

18-10-1820 Oranjewâld - 1-1-1890 Nijskoat
x Sape Sybrens van der Vlugt, arbeider, Skoatterlân 19-6-1842
24-5-1819 It Hearrenfean - 17-12-1872 Grins
sf. Sybren Jacobs van der Vlugt en Froukje Sapes Kleineboer

Út dit houlik: 1. Dettje (1842-1890) x Gerrit Meester, arbeider yn Wolvegea 2. Siebren (1844-1921) x Geertje Zwarteveen, arbeider yn Nijelamer 3. Hendrik (1848-1871) 4. Froukje (1851-1903) x Fedde Hospes, arbeider yn Aldskoat 5. Romke (1856-1939) x Gooitske Koornstra, arbeider yn Nijskoat 6. Klaas (1857-1940) keapman yn Nijskoat, x Baukje Krekt, letter nei Dútslân ta 7. Jan (1859-1859) 8. Jantje (1860-1919) x Jan Krekt, arbeider yn Sint Jânsgea 9. Jacob (1863-1864)

Yn 1871 ferkeapje de erven Sybren J. van der Vlugt 'eene huizinge met daarachterstaande koestalling, schuur en ruim erf' oan de Heideburen op it Hearrenfean. It besit bringt fl. 1900 op. Sape wurdt dan neamd as 'tapper te Nieuweschoot'.

2.6 JAN HENDRIKS HENDRIKS, keapman, merkmaster te Aldskoat

29-7-1826 Oranjewâld - 15-6-1880 Aldskoat
x Geertje van der Haag, Skoatterlân 14-5-1854
11-10-1823 Hallum - 31-8-1904 Oranjewâld
df. Geertje Jans

1. Dedtje 1-2-1855 Nijskoat


Yn april 1853, in jier foar syn trouwen, lient Jan Hendriks jr. in kaptaal fan f700 van syn broer Jan Hendriks sr. en docht dêrmei in wichtige oankeap. Fan Geert Andries Waslander wurde yn Nijskoat de perselen oankocht der't de pleats op set wurdt dy't noch troch myn pake en omke Klaas bebuorke waard. Hy keapet dan 1.26.50 ha greidlân en 1.92.40 ha heide. De heide wurdt oanmakke ta greide en boulân en oan de dyk wurdt yn 1855 de pleats boud.
Yn 1858 keapet hy op de beide útgongen oan de eastkant fan de pleats mear lân derby fan de famylje Tuijmelaar, sadat ûndersteande sitewaasje ûntstiet (it easten ûnder):


Yn 1867 hâldt hy op mei buorkjen en wurdt de pleats ruile mei syn broer Reitze tsjin it wenhûs yn Oranjewâld dat noch fan harren heit wie. De lêste sil der wol flink wat jild op ta jûn ha.
Yn 1878 keapet hy fan de Van Sminia's noch heide en healân ûnder Aldskoat foar fl.2012. Nei syn dea ferkeapje de widdo en dochter Detje trije persielen greide yn Aldskoat foar fl.4768.

2.7 REITZE HENDRIKS, keapman te Oranjewâld

Sjoch hjir